Beschrijving
ISBN/EAN: 9074918328
Auteur(s): Willem Tjerkstra
Genre: Roman
Uitgave: hardcover, Friestalig
Aantal bladzijden: 217
Uitgever: Kristlik Fryske Folksbibleteek
1e Druk, Jaartal: 2000
Afmetingen: 207 x 132 x 23 mm
Gewicht: 354 g + 130 g (verpakking) = 484 g
Loc: K-02-B-02-31
Ridder fan Snits deel 2: Skuld – Willem Tjerkstra
Beschrijving:
Rienk Bockema syn lang libben (1350-1436) spile him net allinnich ôf yn Rodenboarch, de mânske stins dy’t binnen de wâlen en grêften fan it midsieuske Snits stie. Doe’t er weromkaam fan in krústocht nei Rhodos, waard er troch kening Edward III fan Ingelân om syn moed ta ridder slein. Mar yn de jierren dêrnei fierde er op ‘e grûn dêr’t er hikke en tein wie, in hiel oare striid. Hy wraksele mei syn eigen libben, dat ferrûn tusken wylde driften en eangst foar de dea. Om’t er him skuldich fielde oan de dea fan syn frou Bot, dy’t ûnder heimsinnige omstannichheden omkaam, makke er in pylgertocht nei Jeruzalem. Dêr ferbûn er him noch hechter oan de Hillige Frouwe Marije, foar him it toanbyld fan inkele froulju dy’t yn syn libben in grutte rol spilen, Mar de rom as ridder en de pylgerreis nei Jeruzalem koene syn skuld foar Marije en de froulju oer net weinimme. Earst oan de ein fan syn libben fûn er de rêst yn it kleasterk Thabor, dat er tusken Snits en Turns bouwe litten hie.